Wy binne fan ûnderwiisburo Semko. Us wichtichste doel is om it basisûnderwiis moaier te meitsjen. Dat dogge wy troch ús wrâlddosinten, teamskoallingen, kursussen us webwinkel en noch folle mear. Wy dogge mei mei taalplan Frysk. Dit projekt past dêr fantastysk by.
Hoe is sjonge makket bliid starten?
Yn in kursusjûn mei as ûnderwerp muzyk hiene wy it oer sjongen. Berthea de Boer, de kursuslieder, fertelde mei passy oer it belang en de wille fan sjongen. Earder hiene wy it oer Taalplan Frysk en stadichoan ûntstie it idee by ús om in site te meitsjen mei Fryske ferskes. We wolle as alderearst dat it leechdrompelich is. Der mei bêst moai songen wurde, mar it hoecht net perfekt. Dêrom binne ús ynsongen ferskes troch learkrêften lykas do en ik opnommen mei in telefoan. Dêrneist binne der ek ferskes de ôfrûne jierren opnaam troch oaren. Dizze ferskes heakje wy ek ta.
Betankje
De meast ferneamde berneferskes skriuwer fan Fryslân is Hindrik van der Meer. We binne dan ek hiel tankber dat we syn ferskes brûke meie. Wy wolle Berthea de Boer betankje foar it oersetten fan de muzyk sadat wy dy yn in PDF sette kinne. Wy wolle Lutsen Bakker tankje foar it neisjen fan alle teksten.
We wolle ek graach alle minsken betankje dy ’t ferskes ynsongen hawwe: Esther Koopman, Dineke, Anke Feenstra, Tjitte Muizelaar, Saskia Frohlich, Joke Kuipers, Lotte Broersma, Yvonne Sieperda, Johan Wagenaar, Grytsje Melchers, Sieuwke Rijpma, Tessa Grondsma en Jelle Tolsma.
Hoe is de ferhalebank starten?
Der wie in priisfraach útskreaun troch de provinsje Fryslan mei de namme Stim fan Fryslan. Elkenien mocht ideeën ynbringe. Alle ideeën waarden op in webside setten en minsken mochten stimme. Wy ha doe tegearre mei twa oaren wûn. Fansels ut de skroeven sa bliid.
De kommende jierren sammelje wy ferhalen en sette dat op dizze side. Nynke van der Meer mjukset de ferhalen ta in moai gehiel. Wolle jo ek graach in ferhaal fertelle. Dan kin dat. Stjoer in mail nei info@semko.nl en wy meitsje it mooglik.
Betankje
We wolle graach alle minsken betankje dy’t ferhalen ferteld hawwe!